CityProms giet freed los mei NNO en Erwin Nijhoff

26 jun 2015 - 11:06

It klassike muzykevenemint CityProms yn Ljouwert kin útein sette. Alle tariedings binne sa goed as klear. Allinne de CityProms flagge moat noch op de Oldehove. Freedtejûn iepenet CityProms mei in konsert fan it Noord Nederlands Orkest en Erwin Nijhoff. Dit jier is der foar it earst in liskonsert. Dêrby kinne minsken op de grûn fan it tsjerkhôf lizze om nei in pianostik te harkjen.

It tema fan CityProms 2015 is 'Voedsel voor de ziel'. De organisaasje hat foar dit tema keazen omdat musyk foar minsken in treast wêze kin yn drege tiden.

CityProms duorret oant en mei snein en wurdt hâlden yn de binnenstêd fan Ljouwert, ûnder oare by de Aldehou. De optredens binne fergees tagonklik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)