Ljouwerters bringe hierauto net werom en wurde oanhâlden

26 jun 2015 - 10:31

De plysje hat tongersdeitenacht yn Wolvegea fjouwer manlju oanhâlden dy't yn in stellen auto rieden. It giet om trije Ljouwerters fan 20 oant 25 jier en in 25-jierrige man sûnder fêst wenplak. De mannen hiene in auto hierd, mar net werom brocht. It ferhierbedriuw hie dêrom oanjefte dien fan fertsjustering fan de auto.

De plysjes seagen de malju riden op de Hoofdstraat Oost en setten de auto oan de kant. De manlju sitte noch fêst foar ûndersyk. De auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)