Ryk stipet grut sinnepark by Garyp mei miljoenen

26 jun 2015 - 08:58

Neat stiet de komst fan in grut sinnepark by Garyp noch yn it paad. It ministearje fan ekonomyske saken hat it projekt in subsydzje tasein fan 9,2 miljoen euro, ferspraat oer 15 jier. De Enerzjy Koöperaasje Garyp wurket al jierren oan de plannen foar in park mei 22.500 sinnepanielen op it terrein fan it eardere stoart oan de Easterein.

De panielen kinne stroom produsearje foar 1700 húshâldens. Neffens de koöperaasje binne alle fergunningen binnen en kin der ein 2015 begûn wurde mei de útwurking en oanlis fan it sinnepark.

Trefwurden: 
Garyp sinnepark
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)