GrienLinks wol dat provinsje broeikasgassen tebekkringt

26 jun 2015 - 07:53
  • GrienLinks-steatelid Retze van der Honing

De steatefraksje fan GrienLinks wol dúdlikheid hawwe fan Deputearre Steaten oer hoe't it yn Fryslân stiet mei de útstjit fan broeikasgassen. De partij hat dêroer skriftlike fragen steld oan it kolleezje. De rjochtbank yn Den Haach hat de Nederlânske oerheid der op wiisd dat it der foar soargje moat dat de útstjit fan broeikasgassen yn 2020 mei 25% ôfnommen is yn fergeliking mei 1990.

GrienLinks yn Fryslân wol no witte oft de provinsje dêr ek yn slagje sil en oft de útstjit yn Fryslân ek ôfnommen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)