Offalkonteners yn brân op de Ljouwerter Spanjaardsleane

26 jun 2015 - 07:22
  • De brânende ôffalkonteners oan de Spanjaardsleane

Fjouwer ôffalkonteners op de Spanjaardsleane yn Ljouwert binne yn de nacht fan tongersdei op freed yn flammen op gien. In noch ûnbekende man hie ien fan de konteners yn brân stutsen, wêrnei't it fjoer oersloech nei de trije oare konteners. Tsjûgen seagen de man by de konteners stean.

De man naaide út en is, nettsjinsteande in syktocht troch de plysje, net fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)