Frjentsjerteradiel wol yn 2016 fierder mei Fred Veenstra

25 jun 2015 - 21:15
  • Boargemaster Fred Veenstra

Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel is tongersdeitejûn troch de ried foardroegen om werbeneamd te wurden. Yn jannewaris 2016 rint de earste amtstermyn fan Veenstra ôf. Hy hie al oanjûn foar in twadde termyn yn de beneaming komme te wollen. De minister fan Binnenlânske Saken moat úteinlik it beslút nimme. Fred Veenstra wurdt dan werbeneamd foar in perioade fan seis jier, mar kin dy termyn nei alle gedachten net fol meitsje, omdat de gemeente per 1 jannewaris 2018 fusearje sil.

Dat sil wêze mei de gemeenten It Bilt, Menameradiel en fjouwer doarpen fan Littenseradiel. Yn dat gefal krije de boargemasters fan de fúzjegemeenten ûntslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)