Brân yn garaazje by frijsteande wenning yn Wurdum

25 jun 2015 - 18:24

Op de Legedyk yn Wurdum is tongersdei oan it begjin fan de jûn in garaazje yn de brân flein. De brânwachtkorpsen fan Grou, It Hearrenfean en Ljouwert waarden oproppen. Der waard ek in heechwurker ynskeakele.

It gie om in garaazje by in frijsteande wenning. De bewenners wiene net thús. Der wie in flinke reekûntwikkeling, de wenning hat wetterskea oprûn.

Trefwurden: 
brân garaazje Wurdum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)