Te min reinwetter yn Fryslân probleem foar bouboeren

25 jun 2015 - 17:48

Bouboeren ha ferlet fan reinwetter, want it is noch hieltyd fierstente te droech op it lân. De planten binne folle letter yn ûntwikkeling as ferline jier om dizze tiid en dat hat ek te krijen mei in kâld foarjier.

Yn it noarden fan Nederlân is, neffens de meteorologen, it minste reinwetter fallen en dus heart ûnder oare It Bilt ta it droechste part fan it lân. Der is noch gjin sprake fan panyk, want as der fan no ôf alle wiken 30 millimeter reinwetter falt, en dan leafst alle dagen in bytsje, dan kin it noch goedkomme.

Mar de boeren ha der noed oer, want de simmer stiet foar de doar. It positive is dat de prizen omheech geane as der minder opbringst is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)