Reaklif wurdt toaniel fan earste hiele Fryske triatlon

25 jun 2015 - 16:49

Op sneon 4 july wurdt by Reaklif de earste hiele triatlon fan Fryslân ea holden mei de namme Frysman. De namme is in ferwizing nei de wrâldferneamde Ironman triatlon op Hawaii.

By it monumint op it Reaklif by Warns moatte de 70 dielnimmers earst 3,8 kilometer swimme yn de Iselmar. Ferfolgens fytse se in ôfstân fan 180 kilometer en dat is dan fjouwer kear oer in ronde fan 45 kilometer troch Gaasterlân. Dan folget noch de maraton hurdrinnen. De organisaasje is al sa'n oardel jier dwaande mei de taridings fan dizze jongste triatlon.

Trefwurden: 
triatlon Reaklif Frysman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)