Nij opfiedpunt foar âlden mei fragen oer grutbringen bern

25 jun 2015 - 15:33

Fryske âlden dy't fragen ha oer it grutbringen fan harren bern kinne tenei terjochte by twa nije opfiedpunten yn Ljouwert. Opvoedpunt Leeuwarden is in gearwurking tusken de gemeente Ljouwert en de Jeugdsûnenssoarch fan GGD Fryslân.

Earder koenen minsken nei it Sintrum foar Jeugd en Gesin, mar dat kaam nea echt fan de grûn. It grutste ferskil is dat âlden no op in sprekoere terjochte kinne mei fragen, bygelyks by it sûnenssintrum yn Camminghabuorren of yn it sintrum fan de stêd. Neffens de polityk slút dit better oan by it ferlet fan âlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)