Lucas Bijker tekenet foar twa jier by SC Hearrenfean

25 jun 2015 - 15:04

SC Hearrenfean hat Lucas Bijker oanlutsen. De ferdigener komt oer fan SC Cambuur. Hy hat yn it Abe Lenstrastadion in kontrakt tekene foar twa jier, mei in opsje foar noch in jier.

Oardel jier lyn makke trainer Dwight Lodeweges deselde oerstap. Dat waard him doe net yn tank ôfnommen troch guon Cambuursupporters. Earder dizze wike lei SC Hearrenfean Joost van Aken fêst oant it jier 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)