Izore wiis mei oanfalsplan tsjin antibioatika-resistinsje

25 jun 2015 - 14:00
  • Minister Edith Schippers fan Folkssûnens

It regear wol dat minsken minder antibioatika brûke. Dat is nedich, omdat hieltiten mear baktearjes ûngefoelich wurde foar antibioatika. Dit stiet yn it oanfalsplan dat minister Schippers tongersdei nei de Twadde Keamer stjoerde.

Doel fan dit plan is dat it tal ferkeard en ûnnedich foarskreaune antibiotika yn fiif jier tiid mei de helte omleech giet. Ek moat besocht wurde om troch previnsje ynfeksjes yn de soarch te foarkommen.

Izore, it laboratoarium foar medyske mikrobiology yn Ljouwert is wiis mei it oanfalsplan.

Minister Schippers pleitet ek foar mear ûndersyk nei nije antibioatika en oare alternativen.

Troch de tanimmende antibioatika-resistinsje driigje syktes as blaasûntstekking, dy't no noch frij ienfâldich te behanneljen binne, libbensbedriigjend te wurden.

Takommend jier, as Nederlân foarsitter is fan de Europeeske Uny, wurdt in grutte konferinsje hâlden mei alle ministers fan sûnsenssoach en lânbou oer de bêste Europeeske oanpak fan antibioatika-resistinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)