Eksperts ûndersykje grûnmeunsters út Hegebeintum yn Utert

25 jun 2015 - 13:45
  • Saakkundigen dwaande mei de Hegebeintumer grûn yn Utert

Saakkundigen út hiel Nederlân binne tongersdei yn Utrecht begûn mei it ûndersyk fan grûnmeunsters út de terp fan Hegebeintum. Doel is om ûnder oare te achterheljen wêrom't de terp folle heger is as oare terpen yn Fryslân. Ek moat dúdlik wurde wannear't der foar it earst bewenning op 'e terp wie.

Koartlyn is mei in lange boar grûn út de terp helle. Dat wurdt troch de saakkundigen yn Utrecht ûnder oare besjoen mei röntgenapparatuer. It sil noch seker oan de ein fan it jier duorje foar't de resultaten bekend binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)