Hanna Tlustochowics wurdt net 'Bêste Buorfrou fan Nederlân'

25 jun 2015 - 13:11
  • Hanna Tlustochowics

In ynwenster fan Ljouwert is net 'Bêste Buorfrou fan Nederlân' wurden. Hanna Tlustochowics waard opjûn troch har buorlju yn de wyk Heechterp-Skieringen, ûnder oare omdat se it portyk skjinhâldt en buertgenoaten foarsjocht fan griente en fruit.

De priis giet nei Eugenie Wicherink út Eindhoven, dy't neffens de sjuery buertgenoaten mei ferskate eftergrûnen byelkoar bringt en dêrby in grutte ynspiraasjeboarne is foar hiel Nederlân. De priis bestiet út in bedrach fan 5.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)