Bedriuwen ferbetterje sels it ûndernimmersklimaat It Fean

25 jun 2015 - 13:03

Undernimmers op It Hearrenfean komme tenei sels mei inisjativen om it fêstigings- en ûndernimmersklimaat yn it plak te ferbetterjen. De gemeente It Hearrenfean en ûndernimmers hawwe in konvenant dêroer ûndertekene.

De ûndernimmers komme mei ûnderwiis- en arbeidsprojekten, regelje befeiliging op bedriuweterreinen en hâlde eveneminten. De gemeente hat begjin dit jier de ûnreplikesaakbelesting foar net-wenningen ferhege. Dat smyt sa'n 300.000 euro yn it jier op. De gemeente set dat jild troch nei it ûndernimmersfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)