Wenningferkeap yn Fryslân bliuwt lanlik sjoen efter

25 jun 2015 - 12:23

De ferkeap fan it oantal wennings is yn maaie yn Fryslân mei 5 prosint omheech gien. Dêrmei sit Fryslân lanlik oan de ûnderkant. It lanlike gemiddelde stiet op 16 prosint en yn Drinte gie it oantal ferkeapen sels mei mear as 23 prosint omheech.

De gemiddelde keapsom kaam lanlik út op hast 230.000 euro, yn Fryslân is dat 174.000 euro. Undersiker Woningmarktcijfers.nl ferwachtet dat de stiging yn it twadde fearnsjier fan dit jier flakker wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)