Learlingen Anna Maria van Schurman meitsje fakânsjepakketten

25 jun 2015 - 11:53

Learlingen fan klas 2E fan Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer stelle tongersdei 50 fakânsjepakketten gear foar grutte húshâldens dy't iten fan de Voedselbank krije. It giet om húshâldings mei fjouwer of mear bern dy't net de mooglikheid hawwe om sels boartersguod foar de bern te keapjen.

De taskes fol tiidskriften, stripboeken, moestúntjes en boartersguod moatte goed 250 bern in leuke simmerfakânsje besoargje. De fakânsjepakketen wurde gearstald troch learlingen.

De ôfrune wiken hawwe de learlingen sels ek boartersguod makke foar de fakânsjepakketten. Learlingen mei it fak ICT hawwe struibrieven makke en dy ferspraat sadat ek ynwenners fan Frjentsjer harren âld boartersguod ynleverje koene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)