Werstel fûndearring toer Hegebeintum útein set

25 jun 2015 - 11:05

Nei moannen fan tariedings is tongersdei yn Hegebeintum begûn mei it werstel fan de fûndearring fan de fersakke toer. Dy toer beweecht al jierren stadich yn súdwestlike rjochting en soe sûnder yngripen nei ferrin fan tiid omfalle kinne. Om fierder fuortsakjen foar te kommen wurdt de toer no op in ûndergrûnse tafel fan beton pleatst. Dy tafel krijt fyftjin poaten fan tolve meter lang, dy't yn de grûn boarre wurde.

De kosten fan it werstel fan de fûndearring wurde rûsd op 250.000 euro.

It startkaptaal foar de rêdingsaksje is skonken troch Yke Wierda, in Friezinne út Den Haach mei woartels yn Noardeast-Fryslân. Ek de provinsje Fryslân leveret in bijdrage. De aksje 'Rêd de tsjerketoer fan Hegebeintum' fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken hat de ôfrûne moannen sa'n 28.000 euro opsmiten.

It wurk sil sa'n tolve oant fyftjin wiken duorje. De betonflier ûnder de toer wurdt yn twa parten stoart. It is it doel om de toer en tsjerke de kommende hjerst feestlik op 'e nij te iepenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)