Freesmasine rydt byld De Slykwurker fan sokkel

25 jun 2015 - 10:26

It ferneamde byld fan de slykwurker op de dyk by Swarte Haan is fernield troch wurksumheden fan Wetterskip Fryslân. It asfalt op de dyk wurdt ferfongen en dêrby hat in freesmasine fan de oannimmer dy't it wurk útfiert, it byld moandei rekke en fan de sokkel riden.

De skea oan it byld soe mooglik tafalle, mar de sokkel is swier skansearre rekke. It byld is no tydlik opslein yn in loads. It ferneamde byld is makke troch keunstner Frans Ram fan Hegebeintum.

Ram sil it byld meikoarten ynspektearje. Wetterskip Fryslân sil besykje om de sokkel sa gau mooglik op te knappen. It byld fan de slykwurker is in markant punt op It Bilt. Op de sokkel stiet ek in Biltstalich fers oer it wurk yn it slyk.

Trefwurden: 
byld Swarte Haan Slykwurker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)