Hanna Tlustochowics út Ljouwert kandidaat bêste buorfrou

25 jun 2015 - 08:23
  • Hanna Tlustochowics

Hanna Tlustochowics út Ljouwert koe wol ris de bêste buorfrou fan Nederlân wêze. Earder al waard se útroppen ta de bêste buorfrou fan Fryslân, en tongersdeitemiddei sil in sjury mei ûnder oare waarman Piet Paulusma en presintatrise Pernille La Lau har fergelykje mei de bêste buorlju fan de oare provinsjes.

Buorfrou Hanna is opjûn troch har buorlju Florian Lang en Joeri Uilenreef. Neffens har buorlju soarget Hanna foar 'positive enerzjy' yn Heechterp-Skieringen. Se foarsjocht buertgenoaten fan griente en fruit út eigen tún.

"Ondanks dat ze slechthorend en slechtziend is, houdt ze al meer dan twintig jaar het portiek schoon en verzorgt ze de tuin. Op verjaardagen krijgen we cadeautjes, planten en taart. Op andere dagen krijgen we nieuw meubilair, groente, fruit, zelfgemaakte jam en nog veel meer. Het is een kleine greep uit haar geven en gunnen aan anderen. Haar hart zit op de goede plaats en de buurt mag van geluk spreken dat zij hier woont", sizze har buorlju Florian en Joeri.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)