Goud foar swimster Marrit Steenbergen mei toptiid

24 jun 2015 - 16:28
  • Marrit Steenbergen mei har gouden medalje

Marrit Steenbergen hat woansdei goud wûn op it Europeeske junioarekampioenskip yn Bakoe op de 100 meter frije slach. Se is har toptiid fan de heale finale benei kommen. De swimster (15) út Easterwâlde kaam wer nei 53,97 seconden by de finish. Se pakte it goud mei hast in heale sekonde foarsprong op de Russise Arina Openisjeva.

Marrit is de sechde Nederlânse dy't it keninginnenûmer binnen de 54 sekonden ôflein hat. Under oare Ranomi Kromowidjojo en Inge de Bruijn gienen har foar, mar dy wienen doe âlder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)