Lêste wurk oan fytsrûte Ljouwert-Snits lâns Swette

24 jun 2015 - 15:41

De trochgeande fytsrûte tusken Ljouwert en Snits by De Swette del is hast klear. Ferline wike is begûn mei de oanlis fan it lêste part fan dit rekreative fytspaad. It giet om it trajekt Boazum–De Swette oant de Langlânsbrêge yn de provinsjale dyk Winsum-Dearsum. Der wurdt in nije oansluting makke mei de brêge nei it fytspaad nei Dearsum.

De ferwachting is dat dit stik heal septimber klear wêze sil. It projekt is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)