Coolminds wol mei Virtual Realitybril fan eangst ôfhelpe

24 jun 2015 - 14:49

Wa't benaud is foar de dokter kin meikoarten telâne by Coolminds yn Ljouwert. Dy wolle minsken fan har eangst ôfhelpe troch in terapy mei in Virtual Realitybril. Mei dy bril op de holle kinne minsken ûnderfine hoe't it is om nei de dokter te gean, sûnder dat se derfoar de doar út moatte.

In kompjûterprogramma bringt de klant sabeare by de dokter. It programma is noch yn ûntwikkeling en sil earst benammen ynset wurde foar de kliïnten fan Talant.

Troch op in boartlike wize yn de kunde te kommen mei de dokter hopet Coolminds dat de drompel leger wurdt om nei de echte dokter te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)