Wetterskip Fryslân hannelet kontakten goed ôf

24 jun 2015 - 14:35
  • Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

Wetterskip Fryslân slagget der it bêste yn kontakten mei boargers en ûndernimmers digitaal ôf te hanneljen. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan it ministearje fan Ynlânske Saken.

It ûndersyksburo hat sjoen nei hoe't it Wetterskip produkten as wetterfergunningen en meldingen fan ynsidinten fia de webside ôfhannelje. Mei in skoare fan goed njoggentich prosint stiet Wetterskip Fryslân boppeoan fan alle wetterskippen yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)