TOP-regeling foar bern yn Achtkarspelen

24 jun 2015 - 13:22

Achtkarspelen wol dat alle bern meidwaan kinne oan aktiviteiten op it mêd fan ûnderwiis, sport, kultuer en ûntspanning. Om foar te kommen dat bern om finansjele redenen net meidwaan kinne, hat de gemeente in TOP-regeling ûntwikkele. Dit stiet foar Talent Ontwikkeling en Participatieregeling.

De regeling soarget der foar dat bern fan fjouwer oant achttjin jier mei âlden mei in minimumynkommen in finansjele ympuls krije. Dat jild giet net nei de âlden, mar bygelyks fuort nei de sportferiening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)