Auto yn de sleat by Seisbierrum

24 jun 2015 - 12:06

Op de Frjentsjerterdyk by Seisbierrum is woansdeitemoarn in auto yn de sleat bedarre. De brânwacht fan Frjentsjer kaam te plak, omdat der ien persoan beknypt sitte soe yn de auto. De traumahelikopter is ek noch oproppen, mar dy ynset wie net mear nedich.

Hoe't it kaam dat de auto yn de sleat telâne kaam, wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
auto sleat Seisbierrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)