Amerikaanske Blue Devils delstrutsen yn Ljouwert

24 jun 2015 - 11:18

De wrâldferneamde brassband de Blue Devils út Amearika is dizze wike yn Ljouwert. Dat hat alles te krijen mei it earste Proud Event takom sneon yn it Cambuurstadion. It is bysûnder dat it grutte showkorps yn ús lân is. Se wiene hjir earder yn 2005 en 2000. De Blue Devils bestiet út hast hûndert leden en stiet bekend as de bêste fan de wrâld.

Der wurdt repetearre by sporthal Kealledykje yn Ljouwert. De fleanbasis Ljouwert hat yn 'e sporthal fjildbêden delsetten dêr't de gasten út Amearika sliepe kinne.

Sneontemoarn is it korps fergees te sjen yn it sintrum fan Ljouwert as opwaarming foar it evenemint. Ek de Fryske korpsen Advendo út Snits, Pasveerkorps út Ljouwert, Takostu út Stiens en de Showband út Marum dogge mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)