Plysje: "Grutte brân yn Harns oanstutsen"

24 jun 2015 - 10:43

De plysje giet út fan brânstifting by de grutte brân yn in leechsteande loads yn Harns tiisdei. In buertûndersyk hat neffens de plysje al de nedige brûkbere ynformaasje opsmiten. Woansdeitemiddei sil de plysje oan de slach mei it technysk ûndersyk nei de brân. Oant no ta wie dat net mooglik yn ferbân mei de hitte.

De plysje hat ek praat mei trije lytse bern, dy't sjoen waarden by de loads op it momint dat de brân útbruts. It is neffens de plysje al wol dúdlik wurden dat dizze bern neat mei de brân te krijen ha.

Trefwurden: 
Harns brân loads
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)