Kollum: "Lesa mi, helpe mi. Lit my frij, mar stypje my wol"

24 jun 2015 - 09:32

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Op dit stuit presintearret hy op televyzje it programma ‘Gewest Fryslân’. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

"Fryslân kin soms op de meast dwaze wizen yn it nijs komme, lykas juster. Is der in skoalle yn Geldrop. Dy hjitte de Vlinder. Dat kin. Jonge bern bin soms krekt lytse flinterkes. Moai. Mar der sil wol in fúzje west ha, of soksawat, de skoalle hjit no yn elts gefal de Windroos. Geldropse skoalle, dus gjin wynroas mar Windroos. Dus se smieten harren ynternetside fan de vlinder derút. Mar ja, âlden bin domme lju, dus guon fan harren woene sjen wannear at de bern frij hiene, of molke mei ha moasten of soksawat en dan toetsten se út gewoante http://www.de vlinder. No, dy site die’t noch wol. Inkel seagen se dêr wat lju dy’t blykber yn wat moaier waar sieten as at we hjir op 't heden ha, want se hiene de klean út. Alle klean. Mar hielendal waarm wie’t no ek wer net, want se krûpten elkoar wol stiif oan. No soks wurdt fansels daliks grut lanlik nijs. Wat blykte, want njonken de direksje fan de skoalle waard ek de plysje skille, dat in 24 jierrige man dêr in sekssite fan makke hie. No kin ik my noch net hielendal begripe dat at je www. de vlinder type dat je dan fuort oan seks tinke, mar hawar, yn de fyftich tinten griis boeken wurdt sé ek wolris beskreaun as mijn vlindertje. Dus dat wie’t nijs ek net. Nee, dat dy 24 jierrige man yn Ljouwert wenne. Yn Ljouwert. Omrop Fryslân en de LC en alle oaren hjirre hielendal yn de war, de besnijing, fan de wâl, in Fries dy’t in sekssite makket fan koolwitje. No wie dy man fan oarsprong in Afgaan, dus dy moat we wat stypje. Ik stel foar dat se dizze man dy webside de vlinder wer ôfnimme. Mar hy krijt fan ús allegear, want wy hâlde ommers o sa fan it Frysk, de mooglikheid om in sekssite te meitsjen mei de namme it flinterke.

No moat ik der earlik by sizze, dat in serieuze saak oer datselde Frysk ek yn de lanlike publisiteit kaam en dat betsjutte dat wy allegear noch mear yn ’e baan moasten. Wat barde der. In hiel ferhaal hear, mar dat is it Frysk altyd. Koartlyn, mar we prate oer de histoarje dus it kin ek wol yn 2013 west ha, hat de âld-germaniste Erika Langbroek fan Amsterdam in partikuliere samling âld germaansk yn Gent trochsocht, dêr libje sokken fan. Se fûn stikjes perkamint. Derop skreau men eartiids. Letter waardt dat wer ferknipt en ûnderbrocht yn kaften of sa, it wie eins wol stevich papier. En Erika lei twa fan dy snipperkes njonken elkoar en ferdikkeme, doe blykt der ynienen in Fryske tekst te stean, fertaald fan it Latyn wat dêr boppe stie. Lesa mi, helpe mi. Ik lis dat daliks út want it duorre ek wol efkes foardat Erica yn ’e gaten hie dat dit Frysk wêze moast. We koenen ommers inkeld skreaun Frysk fan in ieu letter en dit perkamint kaam earne fan it begjin fan de 12e ieu, sis mar 1111. Frysk in ieu betider as at we tochten dat it ea skreaun wie. De hiele Fryske wittenskipswrâld klapte op ’e grûn en begûn te janken. Al joechheiend is Erika Langbroek dêrnei op de skouders naam, mar ik leau net dat Erika sels yn ’e rekken hie dat soks sokke grutte emoasjes mei him meibringe soe. Likegoed, se hat al in earedoktoraat krigen fan de noch net besteande universiteit fan Fryslân.

De Fryske skiednis moat op ’e nij skreaun wurde. Der wie yn 1111 al in Fryske pater, dy’t Latyn studearre yn sismar Gent, en dy’t sá dom wie dat er der mar gau de Fryske betsjutting bysette. Werom sil je Latynsk leare at je ek Frysk skriuwe kinne. De kommende fyftich jier sil de wittenskip yn Fryslân inkel noch dwaande wêze út te sykjen hokker pater at dit wie, kosten noch muoite sille sparre wurde, dit moat ûntdutsen wurde. Wat hat it noch foar doel Gysbert Japicx te betinken, as dizze man soks tûzen kear mear fertsjinnet.

Us nije Fryske liifspreuk wurd dus Lesa mi, helpe mi. Nee, net om bygelyks te ûntkommen oan www. it flinterke. Mar wol om alles wat wy yn Fryslân altyd nei Den Haach roppe. Us kredo: Lit my frij, mar stypje my wol."

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
Eelke Lok De Toan fan
(advertinsje)
(advertinsje)