Bern út de Fryske Marren nei International Children's Games

24 jun 2015 - 08:15

Bern út de gemeente De Fryske Marren sette woansdei ôf nei de International Children's Games. En dat is mooglik de lêste kear. Dit jier wurde de Games yn Alkmaar holden en dat is noch wol te beteljen, mar takom jier binne se yn Taipei (Sina).

It is noch mar de fraach oft de Fryske bern dan de reis- en ferbliuwskosten wol betelje kinne. De gemeente jout hjirfoar gjin subsydzje mear. De International Children's Games steane ek wol bekind as de Olympyske Spelen foar bern fan 12 oant 15 jier.

Se wurde alle jierren holden yn in oar lân. Sa moatte de bern elkoars kultuer kinnen leare, en mear begryp foar mekoar krije. Der binne op dit stuit mar twa Nederlânske gemeenten wêrút bern meidwaan meie. Alkmaar, en De Fryske Marren. Dy gemeente stjoert dit jier follyballers út De Lemmer, fuotballers út Balk, golfers út Aldehaske, en tennissers út Sint Nyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)