Nederlânske fuotbalfroulju útskeakele op WK

24 jun 2015 - 06:51
  • Keepster Loes Geurts

De Nederlânske fuotbalfroulju binne woansdeitemoarn betiid troch Japan yn de achtste finales útskeakele op it WK yn Kanada. Japan wie mei 2-1 te sterk foar Nederlân. Al fluch kaam Nederlân op in 1-0 efterstân te stean. Japan is de hjoeddeistige wrâldkampioen en wie oer de hiele wedstryd sjoen ek de bettere ploech. Yn de twadde helte waard it 2-0 foar Japan. Yn de lêste minuten fan de wedstryd waard it noch 2-1 troch in doelpunt fan Van de Ven.

Troch de útskeakeling hat Nederlân him net streekrjocht pleatst foar de Olympyske Spelen fan 2018 yn Rio. Nederlân moat no mei trije oare Europeeske lannen yn in soarte fan minytoernoai noch in plakje dêrfoar ôftwinge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)