Gjin ferwûnen by brân Harns

23 jun 2015 - 21:04

By de grutte brân yn Harns binne gjin minsken ferwûne rekke, dat lit de brânwacht witte. De brân yn in leechsteande loads bruts oan it begjin fan tiisdeitejûn út, wêrtroch is noch net bekend. In buertplysje hat by de loads in tal jongeren sjoen, dy sille troch de plysje heard wurde. Sy wurde foarearst net as fertochte sjoen. De loads waard troch jongeren brûkt as hingplak.

De brânwacht lit de loads kontrolearre útbrâne. It diel dêr't asbest sit wurdt ekstra wiet hâlden, om fersprieding fan dat asbest foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)