Sneldyk Harns wer iepen, treinen ride wer

23 jun 2015 - 20:46

De sneldyk by Harns is om alve oere hinne wer iepen gien. De dyk waard earder tiisdeitejûn ôfsletten omdat der reek oerhinne luts dy't frijkaam by in grutte brân yn in leechsteande loads yn Harns. Dêrnei moast der kontrolearre wurde oft der ek asbest op de dyk lei.

It treinferkear tusken Frjentsjer en Harns-haven waard fanwege de brân ek stillein, mar sûnt healwei tsienen ride de treinen wer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)