Asbest yn brânende loads Harns

23 jun 2015 - 20:18

Yn de Harnzer loads dêr't tiisdeitejûn brân útbruts is asbest ferwurke, dat lit de gemeente Harns witte. In spesjalisearre bedriuw besjocht oft it asbest him ek ferspraat hat. Bewenners fan de Kanaalweg, Koningsbuurt en Oosterpark wurde oproppen om sa lang yn har huzen te bliuwen. Sa wurdt foarkaam dat eventuele asbest noch fierder ferspraat wurdt.

De gemeente hat op syn webside mear ynstruksjes set foar bewenners fan it gebiet. Dat is troch de plysje ôfset. De oprop om ruten en doarren ticht te hâlden jildt ek noch hieltyd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)