Sneldyk ticht fanwege grutte brân Harns

23 jun 2015 - 19:18

Fanwege de reek dy't frijkomt by in grutte brân yn Harns, is de sneldyk by de stêd yn beide rjochtings ôfsletten. Dat lit de plysje witte. Ek it treinferkear tusken Frjentsjer en Harns-haven is stillein, Arriva set bussen yn. De brân begûn oan it begjin fan de jûn troch noch ûnbekende oarsaak. Omwenners is oanret om ruten en doarren ticht te hâlden.

Ferline wike is der yn de rie fan Harns noch praat oer de loads. Dat is omdat dy faak troch jongerein brûkt wurdt as hingplak.

Trefwurden: 
Harns brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)