Grutte brân yn loads Harns

23 jun 2015 - 18:58

Yn in leechsteande loads oan de Sibadawei yn Harns is tiisdei oan it begjin fan de jûn brân útbrutsen. De brânwacht hat opskaald nei in grutte brân en omwenners binne mei in NL-alert oproppen ruten en doarren ticht te hâlden. Dat is omdat der in soad reek frijkomt, dy lûkt oer de Oosterparkwyk.

It is neffens de brânwacht net bekend oft der noch minsken yn de loads binne. Dy brânwacht hat neist de korpsen út Harns ek help út Snits oproppen. By de brân is mooglik asbest frijkaam, dêr wurdt ûndersyk nei dien.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)