Provinsje besiket ferheging BTW te kearen

23 jun 2015 - 18:51

De provinsje Fryslân makket him grutte soargen oer de BTW-plannen fan it kabinet. Dy plannen soene neffens deputearre Sander de Rouwe wolris 2.000 Fryske banen kostje kinne. It kabinet wol de BTW ferheegje fan 6 nei 21 persint en neffens De Rouwe soe dat betsjutte dat benammen de rekreaasje it yn Fryslân dreech krije sil.

Troch de hegere prizen sille der minder minsken nei ús provinsje komme, sa ferwachtet de deputearre. Mei de Recron en de provinsje Drinte sil Fryslân no lobbye yn Den Haag om de BTW-ferheging te kearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)