PGB-stifting krijt al 900 meldings

23 jun 2015 - 18:08

De krekt oprjochte 'Stichting PGB schadeclaim' hat al 900 meldings krigen fan soarchferlieners, dy't net of te let jild fan de Sociale Verzekeringsbank krigen hawwe. Dat lit de Ljouwerter foarsitter Oscar van Oorschot witte. Earder bepaalde de rjochtbank dat in Fryske soarchferlienster ekstra jild fan de fersekeringsbank ha moat, omdat sy ek te let betelle waard. Neffens Van Oorschot melde har safolle minsken omdat der al in fonnis leit. De stichting waard earst tiisdei oprjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)