Gemeente lit konteners Bloemketerp foarearst gewurde

23 jun 2015 - 17:30
  • Swimbad Bloemketerp

De gemeente Frjentsjerteradiel sil foarearst net optrede tsjin swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer. Dat hat by syn gebou in tal seekonteners pleatst mei dêryn in lytse gaswinynstallaasje. It swimbad hat dêr lykwols noch gjin fergunning foar. Boargemaster en wethâlders sille no earst de oanfraach foar dy fergunning ôfhannelje, foardat der eventueel aksje ûndernaam wurdt tsjin Bloemketerp. It ôfhanneljen fan de oanfraach sil op syn meast acht wiken duorje.

Tiisdei hat de wolstânskommisje negatyf advisearre oer de konteners. De ynstallaasje soe tongersdei offisjeel yn gebrûk naam wurde, mar dat is foarearst útsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)