Keeper Kristoffer Nordfeldt giet nei Swansea City

23 jun 2015 - 15:50
  • Kristoffer Nordfeldt giet nei Swansea City

Keeper Kristoffer Nordfeldt giet nei Swansea City. De doelman fan SC Hearrenfean hat by de klup út de Ingelske Premier League in kontrakt tekene foar trije jier. By Hearrenfean hie de Sweed noch in kontrakt foar in jier.

Nordfeldt moat by de klup út Wales de konkurrinsje oangean mei Lukasz Fabianski. Nordfeldt kaam trije en in heal jier lyn nei Hearrenfean en wie de lêste trije jier de earste keeper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)