Bysûndere gast yn de Fûgelhelling

23 jun 2015 - 15:43

Biste-opfang de Fûgelhelling yn Oerterp hat op dit stuit in lammergier te gast. It is ien fan de grutste fûgels dy's se dêr ea opfonagen hawwe. It bist is fia kollega's yn Hollân nei Oerterp kommen, omdat se de fûgel sels net herbergje koene. It bist wie as in silich bultsje fûn troch in man yn in skootmobyl, dy't krekt syn piken by elkoar rôp. De lammergier kaam dêr achteroan en de man dûkte op de fûgel.

It bist kaam swak en úthongere oan, mar knapt no wer aardich op. Tongersdei wurdt de fûgel yn Switserlân frijlitten, dêr komt er ek wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)