SVB yn heger berop tsjin útspraak oer PGB

23 jun 2015 - 14:16

De Sociale Verzekerings Bank giet yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter oer it te let beteljen fan it PGB-jild oan in frou út Frjentsjer. De frou wûn ôfrûne freed de rjochtsaak dy't se tsjin de SVB oanspand hie om't se it PGB-jild net útbetelle krige. De frou út Frjentsjer fersoarget in dôve frou en wurdt dêrfoar betelle fanút har Persoons Gebonden Budget. De SVB is hjir ferantwurdlik foar, mar betelle net. Dêrom hat se neffens de rjochter rjocht op in skeafergoeding.

Nei oanlieding fan dizze útspraak hawwe twa Ljouwerter advokaten in stichting oprjochte om skeaklaimsaken te bondeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)