Undersyk deadlik ûngelok A7 noch geande

23 jun 2015 - 12:32

De plysje is noch hieltiid dwaande mei it ûndersyk nei de oarsaak fan it deadlike ûngelok op de A7 tusken Drachten en Fryske Peallen. It ûndersyk spitst him ta op technyske details. Op it plak fan it ûngelok is noch ferskate kearen ûndersyk dien.

Yn de nacht fan 9 op 10 juny kaam in 54-jierrige man út Kollum om it libben by in botsing tusken twa auto's. Dy bedarren beide yn de boskjes. De bestjoerder fan de oare auto, in 46-jierige Drachtster besocht út te naaien, mar waard yn de buert fan it ûngelok oanhâlden. De man hie tefolle dronken.

Trefwurden: 
A7 ûndersyk deadlik ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)