Wolvegeaster frou mishannele troch buorman

23 jun 2015 - 10:48

In 52-jierrige man út Wolvegea is moandeiteiddei oanhâlden, neidat hy syn buorfrou skopt en bedrige hie. De man soe ek de ruten fan de foardoar fernield hawwe. It slachtoffer rûn blauwe plakken en skaafwûnen op. De oanlieding fan de mishanneling is noch net dúdlik. De man sit noch fêst om heard te wurden.

Trefwurden: 
mishanneling Wolvegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)