Heit en bern oppakt foar ferbean wapenbesit

23 jun 2015 - 10:36
  • Luchtdrukpistoal

De plysje yn Wolvegea hat moandei in 49-jierrige man en syn twa bern (21 en 18) oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De plysje krige in melding dat der in man mei in pistoal oer it Van der Sandeplein rûn. De man stapte letter yn in auto, dy't troch de plysje oan de kant setten wurde koe. De plysjes hawwe dêrby harren wapen lutsen. De auto is yn beslach naam en trochsocht. dêrby waard in luchtdrukpistoal fûn. De 21-jierrige soan ferklearre dat hy mei it wapen oer de dyk rûn hie. It trio - ek de dochter fan 18 - sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)