'Lesa mi, helpa mi' âldste Fryske tekst

23 jun 2015 - 10:20
  • De stikjes perkamint mei de âldste Fryske tekst

'Lesa mi, helpa mi' is de âldste Fryske tekst dy't op skrift stiet. De tekst is koartlyn fûn op in pear stikjes perkamint troch âldgermanist Erika Langbroek út Amsterdam. Neffens de Fryske Akademy stamt it sintsje Frysk út it begjin fan de 12e ieu, en dat is in ieu earder as de âldste Frysk skreaune tekst dy't oant no ta bekend wie. 'Lesa mi, helpa mi' betsjut: Verlos mij, help mij. It is in oersetting fan in Latynske psalmtekst. It soe kinne dat in studint op de tekst oan it studearjen wie en de oersetting yn de kantline skrean hat.

Oant yn de 14e ieu waard perkamint brûkt om op te skriuwen. De fynst is dien yn in priveesamling âlde hânskriften.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)