Kollum: "Jezus redt? Of net?"

23 jun 2015 - 08:40

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Dat wie it earste dat ik fan Dokkum Open Air seach, doe’t ik ôfrûne sneon nei it festivalterrein ta rûn. In knalreade bus mei dy gjalpen op de sydkant. It sintsje skynde, de waarsberjochten bylken goed foar de rest fan ’e dei, en toch wie it krekt as luts der al in skaad foar de sinne lâns. Dokkum Open Air is yn tsien jier útgroeid ta it gesellichste metalfestival fan Nederlân. Besikers komme rûnom wei, en sjogge der yn ’e regel al in hiel jier nei út. Festival betsjut feest, en dat is it ek, alle kearen wer. De leafhawwers fan de hurde sektor komme om te genietsjen fan de muzyk, mar ek om mei kunde en freonen by te praten en sa no en dan in bierke te drinken. Yn it wykein fan Dokkum Open Air kin de plysje op it gemak de noas úthimmelje, want der is noait wat te rêden, noait gjin argewaasje.

It persintaazje frijtinkers ûnder metalheads is grutter as by oare muzykstreamingen. Dêr wurdt hjoed-de-dei serieus ûndersyk nei dien. Ut dy ûndersiken komt ek nei foaren dat tolerânsje in biedwurd is, en dat navenant mear metalheads wurksum binne yn de sosjale sektor en yn it ûnderwiis as by oare muzyksoarten. Dat is yllústratyf. En blykber ien fan de redenen dat de sfear by sokke festivals altyd goed is, dat men inoar de romte jout en gewurde lit. Hartstikke moai. Libje en libje litte.

En krekt dat aspekt ûntbrekt by oare groepen. Lykas by de minsken fan de Jezus-bus. No is dat op himsels gjin nij fenomeen, want ek yn de tiid fan Wâldrock stiene se der al. Sa ek ôfrûne sneon op it tagongsdykje nei it festivalterrein. Klaaid yn wite jassen-let op de symbolyk-waarden festivalgongers oantrune om in folder te akseptearjen. Dat struierke wie in hantlieding foar it ivich libben, in Highway to Heaven, eins. Libje en libje litte, tolerânsje en akseptaasje binne by dy groep gjin biedwurden. Harren oansjitskens jout yrritaasje, mar nettsjinsteande bliuwe de festivalgongers yn it algemien freonlik en fatsoenlik. Ien fan harren, in fanke yn blauwe klean, kaam fan it festivalterrein en gie in petear oan. ‘Mar do bist yn it blau,’ sei ien fan de bus.
‘Dus?’ wie it antwurd. ‘Kin ik dan net fan dy muzyk hâlde?’
‘Mar iderien is yn it swart.’
‘No, en? Dat makket toch neat út?’
‘Mar dêr stean deadskoppen en rare teksten op.’
‘No, en?’ werhelle it fanke. ‘Dat binne shirts mei bandnammen. Klean. Dat seit neat oer de minsken dy’t se oan ha. Of gean jim op it uterlik ôf? Yn dat gefal soe ik sizze: Oordeelt niet, opdat gij niet geoordeeld worde. Okee, doei!’

Metalfestivals en de ploech fan Jezus redt binne troch de jierren hinne in soarte fan symbioaze oangien. It heart byinoar as ljocht by tsjuster, as goed by kwea. De grutte fraach dy’t oerbliuwt, ek nei sneon wer, is dizze: wat is no goed, en wat net? "

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)