Mear papierwurk foar jagers

23 jun 2015 - 08:25

De jacht wurdt mooglik oan bannen lein. Tongersdei moat de Twadde Keamer in beslút nimme oer it foarstel fan steatssekretaris Dijksma om ûnder oare de saneamde wyldlist te skrassen. Op dy list stean bisten dêr't frij op jage wurde mei, lykas hazzen, einen en dowen. Foar it ôfsjitten fan oare bisten lykas reeën, wylde bargen en guozzen moat wol in fergunning oanfrege wurde.

De ferwachting is dat de Keamer tsjin stimme sil, omdat dat liedt ta in grutte papierwinkel en mear burokrasy. De PvdA hat dêr ferline wike in moasje foar yntsjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)