Dochs salaris foar Klomp-sjauffeurs

22 jun 2015 - 23:09
  • Webside taksybedriuw Klomp

De 950 sjauffeurs fan Klomp Groepsvervoer krije dizze wike noch it lean oermakke dat sy tegoede ha fan it Gelderske taksybedriuw. Dêrby sitte ek in soad Fryske sjauffeurs. Dat meldt fakbûn CNV Vakmensen.

Sy ha dat te hearren krigen fan Klomp-direkteur Johan van Praet. Dy seit dat hy der út kaam is mei in nije ynvestearder. It bedriuw siet yn finansjeel swier waar en hie jild nedich om troch te kinnen. Wol binne der in pear grutte kontrakten ferlern gong wêrtroch't der minsken út moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)