Ljouwerter advokaten begjinne in PGB-skeaklaimstichting

22 jun 2015 - 22:51

Twa Ljouwerter advokaten begjinne in stichting om skeaklaimsaken tsjin de Sociale Verzekerings Bank (SVB) te bondeljen. It giet dan om minsken dy't út saneamde PGB-budzjetten betelle wurde om foar oaren te soargjen. De SVB moat dat jild oermeitsje, mar docht dat faak te let of net.

Ferline wike stelde de Amsterdamske rjochter dat in Frjentsjerter frou dêrom rjocht hat op in skeafergoeding. Oaren dy't ek fine dat sy dêr rjocht op ha, kinne har no melde by de stichting fan de advokaten Eric van der Goot en Oscar van Oorschot.

De twa besykje der út te kommen mei de SVB sûnder dat it ta in rjochtsaak komt. Van der Goot is de advokaat fan de Frjentsjerter frou dy't earder gelyk krige fan de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)